Jong Hearrenfean - Jong PEC Zwolle giet oer om waar

29 jan 2018 - 17:25

De wedstriid Jong Hearrenfean - Jong PEC Zwolle, dy't foar moandeitejûn pland stie, giet net troch. Dat lit Hearrenfean op syn webside witte. Oarsaak is it waar, de fjilden binne troch de protten wetter net te bespyljen. Jong Hearrenfean komt no foar it earst wer yn aksje op 5 febrewaris. Dan treft de ploech Feyenoord, ek wer op eigen terrein.

Trefwurden: 
Jong Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)