DDoS-oanfal: "It is gewoan digitaal fandalisme"

In DDoS-oanfal is krimineel. Kinst it sjen as digitaal fandalisme. Mei in slaaie op de ruten slaan. Dan kinst der wis fan wêze dat der wat stikken giet. De oanfaller hat der fierders neat oan. Der wurdt neat stellen, mar de skea kin grut wêze. Dat seit Lars Hoektra fan de online-redaksje fan Omrop Fryslân.
Oanfallen op kompjûters binne oan de oarder fan de dei. De Nederlânske Bank wurdt hast kontinu op de kerrel naam troch kompjûterkriminelen. Dit wykein is de ABN Amro-Bank meardere kearen oanfallen. De ING-Bank wie sneintejûn it doelwyt, en moandeitemoarn wie de Rabobank net mear te berikken. En de Belestingstsjinst wie moandei ek min te besetten fanwege saneamde DDoS-oanfallen.
Trachter
DDoS betsjut Distributed Denial of Service. En dy namme seit it al, Denial of Service, oftewol it ophâlden fan 'e service. De site of de service is dan net berikber. De oanfallers gean sa te wurk: se soargje dat se mei safolle kompjûters tagelyk op de site komme dat dy derút klapt, omdat dy it net mear oan kin. Der is net genôch kapasiteit. Sjoch it as in trachter dêr't te folle wetter op itselde momint yn komt.
Gjin stellerij
Utsein dat it ferfelend is dat de bank net berikber is, is it foar de brûker net skealik. Der wurde gjin gegevens stellen. It iennige doel fan in DDoS-oanfal is de boel plat te krijen en dêrmei komt de oanfaller net yn it systeem, dus kin der gjin data stellen wurde.