LF2018: VVV Ljouwert wurdt platbelle

VVV Ljouwert wurdt sûnt it iepeningswykein fan Ljouwert2018 platbelle. Minsken út it hiele lân belje mei it ynformaasjeburo. De mailbox rint fol wêrtroch't berjochten net altyd fuortendaliks beantwurde wurde kinne. "De minsken belje benammen oer it programma", fertelt ynformatrise Martina Schiphof.
Minsken wolle witte wat der te dwaan is yn de stêd. De measten wurde nei de side ferwiisd fan Ljouwert2018. Foaral de foarstellingen De Stormruiter en De Reuzen fan Royal de Luxe binne populêr. Dêr wurde in soad fragen oer steld. Oaren hawwe al in datum yn 'e holle en wolle witte wat der op dy dei te dwaan is. Schiphof hat it fermoeden dat foaral 40-plussers belje. "Dy komme der minskien net hiel goed út op de site en tinke dan 'ik moat it VVV-kantoar mar efkes belje". Studinten hawwe se minder oan de telefoan. Schiphof tinkt net dat it ûnder jongerein minder libbet, mar dat dy groep better út de fuotten kin mei online-media.
Ljouwert Fryslân 2018 waard sneontejûn iepene. Sneon oerdeis wie it al smoardrok yn de stêd, mei sjoernalisten út binnen- en bûtenlân, mar ek mei gewoane besikers.