Organisaasje LF2018 sjocht tefreden werom op iepening

29 jan 2018 - 18:00

Tefredenheid, miskien wol mear as dat. Dat gefoel oerhearsket by de organisaasje fan de iepening fan Kulturele Haadstêd 2018. Nettsjinsteande de kjeld en de rein kamen der 40.000 besikers op de iepening ôf. En it rûn sa as hope wie. "Onze verwachtingen zijn overtroffen," sei Ira Judkovskaja, regisseur fan de iepening. "De verhalen op vrijdagavond met volle musea en soms wachtrijen en dan zaterdag de focus op Leeuwarden."

"De ontlading kwam bij mij toen het koninklijk paar met de kinderen de trap opliep om de klok te luiden. Toen kreeg ik een brok in de keel," fertelt Tjeerd van Bekkum, direkteur fan LF2018. "Het gebeurde nog eens toen ik het terugkeek op uitzending gemist."

"Ik fûn de telefyzjeregistraasje te maklik", sei reklameman Wytze Visser yn Fryslân Hjoed. "Der wurdt tefolle nei Fryslân sjoen op in klisjeemanier. En it ropt ek fragen op. Wat hat bygelyks sa'n Erik Hulzebosch dermei te krijen? Wêr't Kulturele Haadstêd foar bedoeld is, kaam net nei foaren. Dat is skande en tagelyk dochs ek wol wat in miste kâns."

"De dingen dy't we seagen, witst wol. Kulturele Haadstêd is no krekt bedoeld om datjinge wat der is, yn in oar perspektyf te setten. Dat minsken tinke: 'Hin? Mar dat is it ek!' No bliuwt it oerflakkich."

"De measte minsken yn de rest fan Nederlân sille it moai fine as se dy klisjees sjogge, mar úteinlik giet it dêr net om. De telefyzjewrâld brûkt klisjees, want dat makke it tagonklik en is goed foar de sjochsifers. Mar it boadkip dat'tst útdrage wolst, dat der wat ûnder de hûd sit, dat komt der net út nei foaren."

"Ik tink net dat de organisaasje fan Kulturele Haadstêd ynfloed hân hat op de telefyzjeregistraasje. Ynhâldlik kloppet dat miskien net, mar der is wol útstjoertiid oan Fryslân bestege. Bist wol yn the picture. Miskien net op de wize sa't wy it wolle, mar minsken witte no wol dat Ljouwert Kulturele Haadstêd is."

Europa

Visser fynt fierders dat de relaasje mei Europa te min yn de registraasje siet, útsein de projekten fan ferskate talen. "It iennige echte Europa waard troch Frans Timermmans dien. Hy hâlde in prachtige rede wêrom't Ljouwert in goede kar is foar Kulturele Haadstêd", seit Visser. "Timmermans hat it oer it ferksil tusken patriottisme en nasjonalisme By patriottisme seist 'Wy binne grutsk op wêr't we weikomme. En nasjonalisme is in soarte fan foute grutskens, sa fan 'Wy binne better as oaren'. "

It eigene en oare ynfloeden

"Dat is in moai boadskip, dat wy as Fryslân sizze 'Wy binne grutsk op wat wy binne en dat wolle wy graach sjen litte.' Mar tagelyk ek de finsters iependogge om oare ynfloeden op ús takomme te litten.

Grutsk

"Ynhâldlik wie foar my de taspraak fan Timmermans it moaiste momint," seit Visser. "It wie net wat my it measte rekke, mar der waard wol wat sein wêr't wy grutsk op wêze kinne. Dêr is it foar bedoeld. Dat is dêr't wy as Fryslân foar stean moatte."

(advertinsje)
(advertinsje)