Fiiftûzen besikers by Obe yn LF2018-wykein

29 jan 2018 - 16:04

Besikerssintrum Obe op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert hat it ôfrûne wykein fiiftûzen besikers oer de flier hân. Obe is as besikerssintrum de tagongspoarte fan Lân fan taal, ien fan de projekten fan Ljouwert Fryslân 2018. It taalpaviljoen wurdt kommend wykein offisjeel iepene. Mar it wie yn it iepeningswykein fan Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa ek al tagonklik.

Twa lanlike radioprogramma's stjoerden live út út Obe wei: it taalprogramma Taalstaat mei Frits Spits en it kultuerprogramma Opium mei Andrea van Pol. Njonken gewoane besikers kamen der ek tsientallen sjoernalisten.

Trefwurden: 
OBE LF2018 Lân fan taal
(advertinsje)