Jild foar dramasearje frege

12 jun 2012 - 11:31

De steatefraksje fan Friese Koers wol dat de provinsje trije ton stekt yn in nije Fryske dramasearje. It giet om De Keet, in gearwurking fan Omrop Fryslân en Tryater. It meitsjen fan de searje moat sa'n miljoen euro kostje.

Neffens Friese Koers is de trije ton in goeie ynvestearring sjoen de pr dy't De Keet opsmyt foar Fryslân. Boppedat jout er sa'n 100 minsken wurkgelegenheid. Friese Koers tsjinnet it foarstel foar de trije ton meikoarten yn by de provinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)