Resinsje: “Marijke Muoi is in revolúsje yn Fryslân”

29 jan 2018 - 16:01

Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa en dus stiet ús provinsje yn 2018 bol fan de kulturele eveneminten. Toaniel, teäter, muzyk, festivals en gean mar troch, it kin net op. Dêrom stjoere we ús omroppers nei ferskate fan dizze foarstellingen ta as resinsint.

Wa bisto?
Karen Bies.

Wat dochsto by de omrop?
Ik bin kultuerredakteur.

Wat hasto mei kultuer?
Myn funksje by de omrop seit genôch tink ik.

Wêr hast hinne west?
De teäterfoarstelling "Marijke Muoi" yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.

Hoefolle stjerren joust dizze foarstelling?
Fiif stjerren (út fiif stjerren)

"By it begjin is it al dúdlik. Dit is gjin gewoane foarstelling, nee hjir is wat te belibjen. Elke gast wurdt persoanlik ferwolkomme. 'Goeiemiddei, ik bin Marijke Muoi, wat moai dat jo der binne. Hâld de jas mar oan hear!' Want yn de tsjerke is it net waarm. Tsien Muoikes ferdiele de besikers yn groepen. Ik kom by de groep fan Klaasje Abes Kamstra, de kosteres fan de Grutte Tsjerke yn it jier 1795. Klaasje, spile troch Dette Glashouwer, nimt ús mei nei har húskeamer. Se skinkt tee en fertelt yntusken wat der oan de hân is. It is tritich jier nei it ferstjerren fan Maria Louise van Hessen-Kassel, 'Marijke Muoi' foar de Friezen. Klaasje hat har noch wol kennen. Mar der is opstân tsjin it keningshûs. Yn Frankryk hat it revolúsje west en de striders foar 'Liberté, egalité et fraternité' komme ek nei it noarden. Revolúsjonêren stride tsjin keningsgesinden.

Foto: René den Engelsman

De foarstelling 'Marijke Muoi' giet oer dy striid. En it leuke is, it publyk belibbet it hielendal mei. Ik hear dus by Klaasje, en sa sitte alle taskôgers yndield yn in groep by in personaazje. Bygelyks by stjerrekundige Eise Eisinga, of de boer Jan Binnes út Kollum. Elk docht mei yn de striid. En as ús Klaasje ropt: 'Avancer!' dan moatte wy avensearje en achter har oan.

Marijke Muoi is in moaie foarstelling ast dy graach meislepe litst troch in ferhaal. Moatst wol ynteressearre wêze yn skiednis, want der wurdt in hiele bulte ynformaasje jûn. Dan it dekôr: de Grutte Tsjerke is in perfekt striidtoaniel. Maria Louise, spile troch Joke Tjalsma, stiet op de kânsel, sjocht fan de himel op ús del. In metersgrutte sulveren Slinger fan Foucault, symboal foar beweging yn de tiid, giet einleas hinne en wer. Geheimsinnich ljocht wjerskynt op de hege wite muorren.

It spul tusken de spilers is goed te ferstean. Soms mis ik wolris wat, mar dat komt omdat der sáfolle bart. Alle sintugen wurde prikkele. Want neist lûd en byld is der ek noch de geur fan de 18e iuw. By binnenkomst rûkt it nei kaniel, by de plonderingen nei reek en fjoer. No snap ik ek wêrom't de doarren fan tsjerke hieltyd goed ticht moasten.

Foto: René den Engelsman

Marijke Muoi is belevingsteäter en it wurket goed. Do ferfeelst dy net, kinst der hielendal yn op gean. Want der is noch in belangryk sintúch: it gefoel. As it grêf fan Marijke Muoi plondere wurdt, sit Klaasje yn ús midden sa fertrietlik te gûlen. Ik sit flak neist har en ik wol in hân op har skouder lizze. Krekt op tiid betink ik dat it in toanielstik is. Marijke Muoi giet oer in revolúsje, mar de foarstelling is sels eins ek in revolúsje yn Fryslân. Ik leau dat ik soks hjir sa noch net earder meimakke ha. In teäter-totaalerfaring en in technysk keunststikje."

Mear ynformaasje oer dizze foarstelling is te finen op de webside fan LF2018

Trefwurden: 
resinsje LF2018 Marijke Muoi
(advertinsje)