FIDEO: Dûnsje op muzyk út de âlde doaze

29 jan 2018 - 15:30

Werom yn de tiid mei in diskoshow foar âlderein; dat is wat it Danspaleis docht. Se draaie plaatsjes út de âlde doaze, lykas Pat Boone en Peggy Lee, út de 40-er en 50-er jierren. Sels de âldste bewenners fan soarchsintrum Rispinge út Drachten krije de fuotsjes fan de flier. 

Bliere gesichten, op it ritme meiklappende bewenners, dûnsjende minsken, ek yn de rolstoel, en sels in polonêze. Dat is wat de muzikale middei bringt. "Sa gesellich," seit Reiny Bouma. "Ik hie noait ferwachte dat ik noch dûnsje soe. Mei myn man ha ik earder in protte dûnse, de tango, fokstrot en Ingelske wals. It is moaie muzyk, ik kin alles meisjonge." Frijwilliger Janny van Reenen is der al foar de tredde kear by. "Het is fantastisch om de mensen te zien stralen. Zelfs de mensen die beperkt zijn in hun bewegingen doen mee. De zon gaat op." "Ik fyn it sels ek geweldich," fertelt in oare frijwilliger, Janny Nijboer. "Minsken binne yn it begjin wat ôfwachtsjend, mar komme letter wol op gong."

Yn Hea! is de reportaazje te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)