Gjin belangeferfrisseling by riedslid Dirk Dubling

29 jan 2018 - 14:52

Riedslid Dirk Dubling fan Weststellingwerf wurket ek foar de webside weststellingwerf.nieuws, mar dat stiet syn riedswurk net yn it paad. Dat seit BING, it Bureau Integriteit Nederlandse Gemeenten. Dat hat ûndersocht oft der sprake is fan belangeferfrisseling. Dubling hie net sein dat er ek foar de webside wurket. Hy hat it úteinlik dochs sels meld en doe hat BING der ûndersyk nei dien.

It ûndersyksburo advisearret de gemeente om jierliks nei te gean hoe't it sit mei de njonkenfunksjes fan riedsleden.

(advertinsje)
(advertinsje)