Hurdrider rydbewiis kwyt

12 jun 2012 - 11:24
Foto: ANP XTRA

In 39-jierrige automobilist út Ljouwert is tiisdei syn rydbewiis kwytrekke, omdat er mear as 50 kilometer te hurd ried. Dat wie op de Oeriselsestrjitwei by Techum. De maksimumsnelheid is dêr 70, wylst de man 120 op de teller hie. Hy krige in proses-ferbaal en koe syn rydbewiis ynleverje.

De plysje sil faker op dat plak kontrolearje, omdat wykbewenners deroer kleie dat dêr te hurd riden wurdt.

Trefwurden: 
rydbewiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)