Nij DNA-laboratoarium in primeur foar Wetterskip

29 jan 2018 - 14:31

Wetterskip Fryslân kin as earste wetterskip yn Nederlân DNA-spoaren yn it wetter ûndersykje. It Wetterskip hat dêr sûnt koart syn eigen laboratoarium foar. Mei dat DNA-ûndersyk kin folle krekter as earst de oanwêzichheid fan plante- en bistesoarten bepaald wurde. Dat kin helpe by it bestriden fan eksoatyske soarten dy't ynheemske planten of bisten bedriigje.

(advertinsje)
(advertinsje)