Niels en Mendel út Fryslân geane op 'metalcruise'

Niels Hoekstra (22) út Eastermar sil in cruise meitsje, mar net as toerist. Hy fersoarget it ljocht by de metalband Aborted, dêr't ek de Fryske gitarist Mendel bij de Leij (29) út Beetstersweach yn sit. De band docht mei oan in spesjale metalcruise, mei tûzenen metalfans en allinne mar non-stop metalmuzyk. It skip, suver in flat mei meardere ferdjippingen, fart troch Karibysk gebiet. De mannen fleane earst nei Amearika en de cruise is fan 1 oant 5 febrewaris.
"Droom die uitkomt"
"Het is een uniek concept waarbij er vier dagen lang op verschillende podia optredens van metalbands zijn," fertelt Mendel bij de Leij yn it radioprogramma De middei fan Fryslân. "We waren al eerder gevraagd, maar konden toen niet. Nu wel en we hebben er heel erg veel zin in. Machtig, het is een droom die uitkomt." De band moat twa kear spylje, dus de mannen kinne sels ek wol fakânsje fiere. "Met veel andere bands zijn we bevriend, dus dat komt wel goed." Om de cocktails en it swimbad giet it Niels Hoekstra net. "Dat seit my net safolle, ik lit it wol oer my hinne komme. It liket my wol moai om Sepultura te sjen." "We gaan zoveel mogelijk bands zien," follet de gitarist oan.