Opknapbeurt VV Ouwe Syl lit noch efkes op him wachtsje

29 jan 2018 - 13:56

Goed twa moanne nei de bysûndere ferlotting fan in wenhûs yn Aldebiltsyl, is der noch hieltyd net úteinset mei it opknappen fan it fuotbalfjild fan VV Ouwe Syl. It doarp stelde mei in lotterij in wenhûs beskikber. Mei de opbringst dêrfan moast it fuotbalfjild opknapt wurde. It hûs is no bewenne troch de winnares, alle belestingen binne betelle en mei de 350.000 euro winst soe der no mei de wurksumheden úteinset wurde kinne. Neffens bestjoerslid Githa Aspey fan VV Ouwe Syl is it fuotbalterrein eigendom fan de gemeente. En om't it doarp krekt ûnderdiel wurden is fan de nije gemeente Waadhoeke, moatte der earst noch offisjele ôfspraken makke wurde. "De plannen liggen er sowieso, daar is de gemeente van op de hoogte. We hopen ergens in 2018 groen licht te krijgen voor onze plannen. Dat kan in maart zijn of in december, maar wij hopen zelf natuurlijk zo snel mogelijk."

Mei de opbringst wol VV Ouwe Syl ek in nij kantinegebou delsette litte. "Daar profiteren dan ook alle andere sportverenigingen van. En ook het dorp zelf natuurlijk, want er kunnen ook andere activiteiten worden georganiseerd."

Winnares Sanne

Op 27 novimber hat winnares Sanne Verhoef út Arnhem it hûs op har namme krigen. Se hat no it plan om definityf nei Fryslân te ferhúzjen. "Sanne staat binnenkort zelfs centraal in het tv-programma 'Nederland Verhuist op NPO3' fertelt Githa Aspey.

(advertinsje)