Cambuur: "Neat te ferliezen? Alles te winnen!"

29 jan 2018 - 13:01

Cambuur spilet tiisdei de kwartfinale fan it bekertoernoai út tsjin FC Twente. Twente is, as earedifyzjonist, de grutte favoryt yn dizze wedstriid, mar Cambuurtrainer Sipke Hulshoff hat der wol sin oan. "Ik sis itselde as ferline jier doe't wy foar de beker spilen tsjin FC Utrecht: Cambuur neat te ferliezen? Wy hawwe fan alles te winnen. It is in prachtich affysje en ek tsjin FC Twente lizze der kânsen foar ús." 

Opstelling

Hulshoff woe de opstelling noch net bekend meitsje. "Dy is by de spilers ek noch net bekend," sa sei hy moandei nei de training. Neist de al langer blessearre spilers as Rossi, Narsingh en Mannes kin Jordy van Deelen ek net spylje. Hy hat de gryp. Dêr stiet foaroer dat Matthew Steenvoorden wol wer fit is en dat jildt ek foar Kevin van Kippersluis. FC Twente hat in protte yndividuele klasse sei Hulshoff. "Dêr moatte wy as team wat tsjinoer stelle. Dit is in wedstriid op himsels. Wy binne optimaal taret." 

De wedstriid FC Twente-Cambuur begjint tiisdei om 20.45 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân radio.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)