PvdA ropt Prorail op ta aksje

De PvdA-steatefraksjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte wolle dat Prorail op koarte termyn wat docht oan it knipepunt op it stik spoar tusken Zwolle en Meppel. Dat foarmet in trechter foardat it spoar him splitst yn de rjochting fan Emmen, Grins en Ljouwert.
As der aanst noch mear treinen rjochting Grins en mooglik ek nei Fryslân ride sille, kin dy fertraging allinnich mar grutte wurde. Prorail hat it trasee foar 2013 ek as oerbelêste kwalifisearre.
De PvdA-fraksjes sille de kolleezjes fan Deputearre Steaten freegje by Prorail en it Ryk te pleitsjen foar de oanpak fan it stik spoar.