Spûkrider yn Ljouwert sûnder rydbewiis en fersekering

Spûkride (foarbyldfoto) © ANP
In 33-jierrige automobilist út de gemeente Smellingerlân is sneintemiddei yn Ljouwert oanhâlden om't er oan it spûkriden wie. De man ried op de Nieuweweg tsjin it ferkear yn. Doe't de plysje him steande hâlde, die bliken dat er gjin rydbewiis hie en dat de auto net yn de fersekering siet. De man hat in proses-ferbaal krigen.