Noch net earder sa betiid: skriezen al werom yn Fryslân

29 jan 2018 - 12:04

It is op it stuit waarmer as gewoanwei om dizze tiid fan it jier. Dat fernimme ek de fûgels: de earste skriezen binne al wer werom yn Fryslân. En dat is in primeur. Boskwachter Sander Veenstra fan Natuurmonumenten hat se moandei by natuergebiet Skrok ûnder Wommels al sjoen. "Ik moast earst wol even mei de eagen knipperje doe't ik se seach, oft it wol echt skriezen wienen. Mar se binne it echt. Ik ha se noch net earder yn jannewaris sjoen, dat is wol hiel betiid."

De fûgels binne krekt werom fan har lange reis út Spanje, Portugal of Afrika wei en moatte no earst oansterkje. "Se binne allinne oan it fretten." Veenstra tinkt ek dat de fûgels troch it waarme waar weromkaam binne. "Mar it hat ek mei ynstinkt te krijen, want yn desimber wie it ek waarmer as oars en doe wienen se hjir net. De wyn is ek geunstich, troch de súdwestewyn hoege se eins allinne mar de wjukken út te slaan en se komme hjir al hinne."

(advertinsje)
(advertinsje)