Plysje hat noch gjin tips oer fytsen op spoar De Westereen

29 jan 2018 - 11:46

De plysje hat noch gjin tips krigen oer it ûngelok op it spoar by De Westereen freedtejûn. Unbekenden leine dêr by in oergong by it stasjon fiif fytsen op it spoar, wêrnei't de stoptrein mei sa'n 75 passazjiers oer de fytsen ried. Om't de Arriva-trein net folle faasje hie, foel it mei de skea ta. De trein moat wol reparearre wurde.

Hie de sneltrein mei mear as 100 kilometer yn de oere de fytsen rekke, dan hiene de gefolgen neffens de plysje folle grutter west. De trein hie dan sels út it spoar rinne kinnen. De plysje nimt de saak heech op en docht in berop op tsjûgen om harren te melden.

(advertinsje)