De Haan Westerhoff hâldt op as sponsor fan reedrydteam

29 jan 2018 - 11:14

It Fryske bedriuw De Haan Westerhoff hâldt nei trije jier op mei it sponsorjen fan it DHW-reedrydteam. Dat makke direkteur Paul Olijve sneon op de Weissensee yn Eastenryk bekend. Reden is dat it Drachtster bedriuw yn sinneskermen foar in nije strategy kiest dêr't it sponsorjen net mear by past. It hat net te krijen mei de prestaasjes fan de riders. Paul Olijve: "We hebben samen juist een prachtige periode achter de rug. Onze reis naar Oostenrijk en support aan het team op de Weissensee zegt wat dat betreft wel voldoende denk ik." By it team sit ûnder oare Jouke Hoogeveen dy't fan Drylts komt.

It team hat sneon it  iepen NK riden en woansdei dogge se mei oan de Alternative Alvestêdetocht.

(advertinsje)
(advertinsje)