Kampanje: 'Better wetter as in swolch frisdrinken'

29 jan 2018 - 11:07

In nije skoalkampanje moat bern leare om mear wetter te drinken en minder frisdrank. De kampanje rjochtet him yn earste ynstânsje op skoallen yn Ljouwert en is opsetten troch BV Sport. Skoallen dy't meidogge krije in lespakket dat ûnder oaren bestiet út in foarlêsboek en oar lesmateriaal. Derneist kinne de bern byhâlde hoe faak at se wetter mei nei skoalle hawwe. Troch it wetterdrinken te promoatsjen wol BV Sport besykje it oergewicht ûnder bern tsjin te gean.

De ôftraap foar de kampanje waard moandeitemoarn jûn op OBS De Eestroom yn Ljouwert. Skoallen bûten Ljouwert dy't ek meidwaan wolle kinne it lespakket oanfreegje by de GGD.

Trefwurden: 
kampanje drinkwetter BV Sport
(advertinsje)
(advertinsje)