Húsmosk, blokmies en swarte lyster by fûgeltelling

De húsmosk (huismus), blokmies (koolmees) en de swarte lyster (merel) binne de meast telde fûgels yn Fryslân. Dat docht bliken út de 15de edysje fan de nasjonale fûgeltelling fan Vogelbescherming Nederland en Sovon Vogelonderzoek. De húsmosk waard hast 13.000 kear sjoen, de blokmies goed 6.000 kear en de lyster hast 6.000 kear.
Benammen it resultaat fan de lyster is opmerklik, om't út de lanlike telling bliken docht dat dy op in soad plakken minder faak foarkomt. De fûgels wiene benammen yn East-Nederlân it slachtoffer fan it Usutu-firus.