Kollum: "Keapsnein

29 jan 2018 - 07:28
  • de toan fan Nynke

"Mei de gemeenteriedsferkiezings yn it foarútsjoch binne ferskate politike partijen al flink aktyf om stimmen te skoaren. De hite hei hjir yn Smellingerlân is fansels de keapsnein. As ien fan de iennichste gemeenten ha wy noch altyd gjin keapsnein. Seker foar yn Drachten, dat op Ljouwert nei it grutste plak fan Fryslân is, kinst dy dat eins net foarstelle. Persoanlik sels bin ik in foarstanner fan de keapsnein. Wy libje tsjintwurdich yn in 24/7 maatskippij en wolle alle dagen optimaal benutte. No giet dat noch krekt net sa fier as yn de Rânestêd, dêr't winkels dei en nacht iepen binne. Mar alle dagen fan de wike de winkels iepen, dêr binne in soad minsken foarstanner fan.

Tafallich hie ik it dêr oer mei in ûndernimmer út Smellingerlân. Sy wie tsjin de keapsnein. Neffens har smyt it ûndernimmers net in soad ekstra jild op, mar wol folle mear drokte om personiel te finen foar yn de winkel. 'Of moast sels 7 dagen yn 'e wike efter de toanbank stean wolle', sei se. 'Mar do hoechst toch net per se iepen op snein?', frege ik. 'No, dat is noch mar de fraach', wie har antwurd.

Wannear't in gemeente de keapsnein ynfiert, liket dat in oerwinning foar in soad ûndernimmers. Mar wat ik net troch hie, is dat der ek wol deeglik ferliezers binne. Lytse winkellju dy't de toko hielendal net op snein iepen ha wolle, mar troch de eigener fan it winkelsintrum twongen wurde om de doarren wol te iepenjen.

Yn Grins bygelyks, dêr't ûndernimmers yn it winkelsintrum Paddepoel te hearren krigen dat se ferplichte op snein iepen moasten. Meardere ûndernimmers krigen flinke boetes om't se de doarren ticht holden. Dy boetes wegeren se te beteljen en dus stapte de eigener fan it winkelsintrum nei de rjochtbank. Ek de rjochter wie it mei de pandeigener iens. Undernimmers waarden sa ferplichte om iepen te gean op snein en moasten ek de boetes betelje.

Dat is toch nuver? Dat in oar dy ferplichtsje kin om iepen te gean. It is toch dyn saak? Stel do bist hierder fan in wenning en samar ynienen fertelt Accolade of WoonFriesland dy wannear ast thús wêze moast. Alle jûnen foar sânen yn 'e hûs, oars krijst in boete. En op snein ferplichte de hiele dei achter de geraniums sitte, begrepen?

Ik kin my net foarstelle dat sa'n mantsje fan Accolade hjir mei de bûslampe nei binnen skynt om te checken oft it wol thús bin. Mar sa wurket it dus wol ast ûndernimmer bist. Yn dat gefal betsjut de ynfiering fan de keapsnein dus net méar frijheid foar ûndernimmers, mar just twangarbeid. Dêrom komt it kabinet no mei wetlike regels tsjin dizze ferplichte iepenstelling fan winkels. Dat makke steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekomomyske Saken dit wykein bekend.

Detailhannel Nederlân is bliid mei it yngripen fan de steatssekretaris. En dat jildt fansels ek foar al dy ûndernimmers dy't no einliks wer sels baas binne. Wol of net op snein de doarren iepen, de keuze is no wer oan de winkelman. Heechtiid foar Smellingerlân om de doarren hjir ek iepen te smiten foar de keapsnein om Drachten wer wat oanlokliker te meitsjen. Want ek dy toko moat draaien bliuwe."

(advertinsje)