Trije automobilisten reitsje rydbewiis kwyt by kontrôle

Rydbewiis © ANP XTRA
By ferkearskontrôles yn Drachten en omkriten hat de plysje snein trije rydbewizen yn beslach naam. In 25-jierrige Drachtster en in 42-jierrige bestjoerder út Oude Pekela rieden mei 150 en 173 kilometer oer de A7, op it plak dêr't 100 kilometer it maksimum is. Op de Wâldwei moast in 20-jierrige frou har rydbewiis ynleverje om't se mei 162 kilometer oer de 100-kilometerdyk ried. Dêrneist hat de plysje boetes útdield foar it net dragen fan de riem.