Ferwûnen en ravaazje by Rie nei ûngelok mei buske

29 jan 2018 - 06:28

By in ûngelok op de Berltsumerwei by Rie binne sneintejûn trije minsken ferwûne rekke. Sy sieten yn in buske dat op wei wie fan Rie nei Berltsum. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de 29-jierrige bestjoerder fan it buske fan de dyk en botste tsjin meardere beammen. De bestjoerder en ek twa oare ynsitters fan 33 en 38 jier âld, binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Troch it ûngelok ûntstie in ravaazje op de dyk. De plysje hat in bloedproef naam fan de bestjoerder, om't hy mooglik mei alkohol efter it stjoer krûpt is.

(advertinsje)