Marijke Muoi: earste premjêre nei iepening LF2018

28 jan 2018 - 19:53

Kulturele Haadstêd gie snein dan echt los mei de premjêre fan Marijke Muoi yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Dizze "Under de Toer"-foarstelling wie it earste evenemint nei de offisjele iepening fan Kulturele Haadstêd. De reaksjes nei de premjêre fan snein wienen posityf.

De foarstelling spilet yn it jier 1795, de tiid dat revolúsjonêren en minsken dy't foar it keningshûs wienen de striid mei-inoar oangienen. It is dan tritich jier nei de dea fan Maria Louise fan Hessen-Kassel, oftewol Marijke Muoi, sa't se neamd waard troch de Friezen. Se leit begroeven yn de Ljouwerter Grutte Tsjerke.

 

(advertinsje)
(advertinsje)