Letitia de Jong mei oermacht sprintkampioen fan Nederlân

28 jan 2018 - 17:21

Letitia de Jong is de nije Nederlânske kampioene sprint. Nei har twadde plak op de 500 meter en de winst op de 1000 meter fan sneon kamen der snein noch twa earste plakken by. De Jong ried 38.62 op de 500 en 1.16.22 op de 1000 meter. Har grutte konkurrint Anice Das liet it snein lizze op de 500 meter. Se waard fyfde mei 39.14. De 1000 meter fan Das yn 1.17.15 wie goed foar it tredde plak op dy ôfstân en foar it sulver yn it einklassemint. Sanneke de Neeling, de sprintkampioene fan 2016, waard tredde yn de einstân. Letitia de Jong mei troch de winst no as tredde Nederlânske frou nei it wrâldkampioenskip sprint begjin maart yn Sina.

Dai Dai Ntab waard de sprintkampioen by de manlju. Ntab, lieder nei de earste dei, waard twadde op de 500 en fjirde op de 1000 meter. Yn it einklassemint waard Hein Otterspeer twadde en Thomas Krol tredde.

Annouk van der Weijden pakte har earste Nederlânske allroundtitel. Se wûn trije fan de fjouwer ôfstannen. Linda de Vries waard twadde en Melissa Wijfje tredde. Reina Anema fan De Gordyk waard twadde op de 5000 meter en fiifde yn it einklassemint.

Marcel Bosker wie in klasse apart by de manlju. Hy wûn ek trije ôfstannen. Lex Dijkstra waard twadde, Thomas Geerdinck tredde. Marwin Talsma fan Grou waard tredde op de 5000 meter en ek tredde op de 10 kilometer. Yn it einklassemint waard er sânde.

(advertinsje)
(advertinsje)