Thijsje Oenema werom yn Thialf: "Wêrom net wat weromdwaan?"

28 jan 2018 - 17:19

Thijsje Oenema wie dit wykein werom yn Thialf. De Nederlânsk kampioene sprint fan 2015 helpt de organisaasje mei it ferwurkjen fan allegear data. "Ik ha safolle fan de sport krigen en moaie mominten hân, wêrom soe ik net in kear wat weromdwaan?"

Goede scan

De âld-reedrydster fan De Jouwer krige ein 2015 te hearren dat se melanoomkanker hat. No giet it lykwols goed mei har: "Ik ha krekt wer in goede scan hân, dus ik mei wer efkes foarút."

"Geweldich om te sjen"

En dit wykein is Oenema dus yn Thialf om mei te helpen as frijwilliger. "Ik hie tocht dat ik noait wer in akkreditaasje om 'e nekke krije soe. Mar ik fyn it geweldich om te sjen hoefolle minsken hjir achter de skermen wurkje. Dat is gigantysk." Wol se dit dan miskien ek faker dwaan? "Dat wit ik noch net. Ik wurkje fulltime en ik moat ek wat om mysels tinken bliuwe, mar it befalt wol hiel goed. Ik fyn it moai om te dwaan."

Trefwurden: 
Thijsje Oenema reedriden
(advertinsje)
(advertinsje)