Op 'e nij flink ferlies foar Aris by koprinner Donar

© www.orange-pictures.nl
Aris hat op 'e nij mei grutte sifers fan koprinner Donar ferlern. Yn it Grinzer Martiniplaza wûn de thúsploech mei 85-61.
It ferskil wie al gau makke, want nei it earste kwart stie Donar foar mei 24-10. Dêrnei bouden de Grinzers dy foarsprong fier út. Nei trije kwarten basketbaljen wie it ferskil 39 punten. Troch in goed lêste kwart (12-27) makke de Aris de stân wat draachliker. Ein novimber wie it ferskil tusken beide noardlike ploegen noch wat grutter.
Takom woansdei spilet Aris yn de kwartfinale fan de beker thús tsjin Den Bosch. De Ljouwerters moatte dan in ferlies fan 85-58 yn de earste wedstriid goed sjen te meitsjen.