Kuorballers SCO ferlieze yn Wageningen
De kuorballers fan SCO ha sneintemiddei ferlern op besite by Wageningen. It waard 25-17 foar de thúsklup.
It ferskil yn de haadklasse wie foar de wedstriid mar twa puntsjes. Wageningen wie snein lykwols dúdlik te sterk. It begjin fan de wedstriid gie noch lykop, mar foar it skoft rûn Wageningen út. Healweis de wedstriid wie it 15-10. Yn de twadde helte waard it ferskil noait lytser as fjouwer punten.
Takom wike spilet SCO thús tsjin de Grinzer hikkesluter Nic.