Ljouwerter eineksamenkandidaten ha eigen merk fan gameklean
De top helje mei in eigen kleanmerk. Dat is de dream dy't twa jonge eineksamenkandidaten fan it Stedsgymnasium fan Ljouwert útkomme litte wolle. Geerben Bleeker en Bati Akarsu ha in eigen line mei klean betocht: Evale Ware.
It slacht sa goed oan dat se al troch har foarried hinne binne. Se timmerje ek goed oan de wei. Sa ha se fuotballer Kik Pierie sa fier krigen dat hy de klean draacht. Ek binne se sponsor fan de gamers fan de E-Difyzje fan AZ. Dêr wurdt op heech nivo it fuotbalspul FIFA 18 spile.
It kleanmerk fan Geerben en Bati is behoarlik basic. Der is ek keazen om it duorsum te meitsjen. Sa wurde de klean gewoan yn Nederlân produsearre. Der sitte idealen achter. Sa giet 10 prosint fan de winst nei it goede doel KWF.