Sander Arends ferliest finale challenger Rennes

28 jan 2018 - 15:20

De Ljouwerter Sander Arends hat mei syn Kroätyske dûbelmaat Antonio Šančić de finale fan it ATP challengertoernoai yn Rennes ferlern. De Belgen Sander Gille en Joran Vliegen wienen mei 6-3, 6-7 en 10-7 te sterk.

Nei't Gille en Vliegen de earste set wûnen, gie de twadde set lang lykop. De twa duo's holden hieltyd harren eigen service, der wienen gjin breaks. Troch de tiebreak te winnen, twongen Arends en Šančić in beslissende supertiebreak ôf. Dêryn kamen de Belgen al gau op in pear punten foarsprong. Arends en Šančić kamen noch werom ta 9-7, mar doe makken Gille en Vliegen it dochs ôf.

It wie de twadde finale op rige foar Arends en Šančić. Ferline wike hellen se yn Koblenz ek de finale. Ek doe gienen de twa ûnderút nei in spannende trijesetter.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)