Lytse iel útset foar mear iel

12 jun 2012 - 10:51

Op de Tsjûkemar en de Snitsermar binne tiisdeitemoarn 400.000 lytse ieltsjes útset. It giet om in projekt fan it produktskip Fisk, dat derfoar soargje moat dat der wer genôch iel yn de Fryske wetters komt.

Mei it útsetten fan tiisdei komt der foarearst in ein oan it projekt, dat trije jier duorre hat. Dêrby binne folle mear lytse ieltsjes útset. Oft dy derfoar soargje dat de ielstân him wer hersteld, moat de kommende jierren bliken dwaan.

Trefwurden: 
glêsiel
(Advertinsje)
(Advertinsje)