Produktyf jier foar Amelanner sinnepark

28 jan 2018 - 11:15

It sinnepark op It Amelân hat yn 2017 hast 6500 megawattoere oan elektrisiteit produsearre. Dat is goed acht persint mear as ferwachte. It sinnepark hat 23.000 sinnepanielen en is dêrmei ien fan de grutste sinneparken fan Nederlân. De ôfrûne moannen wie der hiel wat minder sinne as oars. Dochs is de jierproduksje fan it park flink heger as yn it foar tocht waard.

It sinnepark is in inisjatyf fan Eneco, de Amelander Energie Coöperatie AEC en de gemeente Amelân.

Trefwurden: 
sinnepark It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)