Flústerline LF2018 úteinset: "...mar wat seit buorman?"

Earne begjint it en dêrnei set it troch: in boadskip dat fan minske oan minske trochjûn wurdt. Leuk, mar ek spannend: want wat bart der it mei it boadskip? Bliuwt it oerein? Ferstiet elk it wol goed? Wurdt it begrepen? Wurdt it oars ynterpretearre, miskien? En sprekt de 'stjoerder' in taal dy't de 'ûntfanger ferstiet'? De 'Fluisterlijn' is in Kulturele Haadstêd-projekt fan keunstner Marten Winters.
Omrop Fryslân-ferslachjouwer René Koster is ien fan de dielnimmers oan de 'fluisterlijn' dy't dit wykein úteinsette yn in brûzende Kulturele Haadstêd.