Iepening Kulturele Haadstêd LF2018: "Grutsk op Ljouwert"

28 jan 2018 - 10:19
  • Weromsjen op de iepening fan LF2018
  • It forum fan Buro de Vries oer de iepening fan LF2018

De Ljouwerter binnenstêd brûsde by de iepening fan Ljouwert-Fryslân 2018, LF2018. De loft wie fold mei enerzjy, passy en waarmte. "It hat noait wat weest en sil noait wat wurde" feroare yn "It is wel wat". Manmachtich kaam it publyk ôf op de iepening yn de binnenstêd. De trije pleinen stiene grôtfol minsken. Ek al reinde it en wie it wetterkâld, minsken wiene bot ûnder de yndruk fan de iepening en seine dat se pikefel krigen. It publyk kaam goed yn beweging doe't yn it spesjaal foar de iepening komponearde muzykstik, 'It Woanskip' trochklonk. It gie dêrnei wer feilleas oer yn it liet 'Seis oere thús' fan Nynke Laverman. Op it momint dat se opkaam op in Frysk hynder foel der in waarme tekken oer it Saailân. Se song neffens in man, dy't alle repetysjes sjoen hie, de bêste ferzje. Dat yn kombinaasje mei de animaasje op de trije Aldehoutuorren op de ferskate pleinen joech in ynbannich spektakel.

Eefkes nei tsien oere wie de eare oan de Kening en de Keninginne om oan it sabeare klokketou te lûken om sa de klokken te lieden. It wie it offisjele begjin fan it kulturele haadstêdjier fan Ljouwert. Neffens boargemaster Ferd Crone hie it keninklik pear genoaten fan de iepening, fan it muzykstik en benammen ek fan de minsken op it plein. Mei de seremoanje sette hy syn paraplu oan de kant om it publyk better sicht te jaan op dat wat barde op it plein. En der barde in soad. Op alle gebouwen, om it publyk troch de stêd hinne, stiene muzykkorpsen of artysten te spiljen. Sa hie it NNO, it Noord Nederlands Orkest, in plak krigen op de boppeste etaazje fan it Fries Museum en it Pasveerkorps spile de stjerren fan de himel boppe de argiven fan Tresoar.

Drokte op de pleinen, waarme fuotten foar tv-sjoggers

Omdat it sa drok wie moast de befeiliging yngripe. Minsken dy't flak foar it begjin fan de iepening it Saailân op woene waarden opkeard. Guon setten ôf nei hûs. In âldere man wie teloarsteld: "Staan we hier nou de hele tijd voor maar één liedje." Sa like it ek wol. Der waard net goed dúdlik makke werom't minsken sa lang wachtsje moasten yn kjeld. Sa barde der foarôfgeand oan de offisjele iepeningshanneling net in hiel soad. Nei ôfrin hiene minsken in soad muoite om wer fan it plein ôf te kommen. Op plakken wie it sa drok dat guon fan de stegen efkes ôfsletten waarden.

De minsken thús foar de telefyzje hiene it better, benammen waarmer. Mear as 800.000 minsken folgen de iepening fan LF2018 fia de live tv-útstjoering op NPO1. Op dy útstjoering kaam in soad krityk, benammen omdat presintator Frits Sissing tefolle troch de iepening hinne siet te 'jeuzeljen', mei 'ferskate oare eamelkonten'. "Spitich, want Ljouwert sels wie moai", skriuwt Hanneke de Jong op Twitter. Sjongeres Iris Kroes op twitter: "SJONGEJONGEJONGEJONGEJON dit wás me toch een spektakel. Wat een dag en WAT een sfeer. IK HOU VAN FRYSLAN." Minsken bûten Fryslân fine it lestich om it liet 'Seis oere thús' fan Nynke Laverman te begripen. "Wat is daar het idee achter? Moeten Friezen om zes uur thuis zijn?", skriuwt de Grinzer TV-resinsint Job van Schaik yn it Dagblad van het Noorden. Hy seach fierder benammen "veel promofilmpjes met alle denkbare chlichés over Friesland". Cornald Maas fûn de iepening net sa Europeesk. "Heb de stellige indruk dat vooral Friesland wordt gevierd vanavond. Laat staan Nederland, laat staan Europa."

Al mei al wie de iepeningsseremoanje sels fan heech nivo. De animaasje dy't toand waard op de ferskillende skermen wie moai makke. Tryater hat alle ferwachtingen mear as wier makke. It selskip hat sjen litten sokke grutte produksjes oan te kinnen. De latte foar it kommende jier leit heech. 

"It wie in 8, mar gjin 10"

It foarum fan Buro de Vries hat op de dei nei de offisjele iepening wol wat opbouwende krityk op it evenemint. "Ik hie wol wat mear kontekst, wat mear útlis sjen wollen", seit Marijke Roskam. "Wat wolle we eins berikke mei de kulturele haadstêd? Dat meie je de minsken best fertelle." Twadde Keamerlid Isabelle Diks - âld-wethâlder fan Ljouwert - miste 'dynamyk op it plein" yn de oanrin nei de offisjele iepening. "Het was wel erg koud. Dan moet je alle mensen die staan te wachten wel wat bieden." Ek Diks hie wol wat mear útlis sjen en  hearre wollen, bygelyks fan de kommissaris fan de Kening. Ald-deputearre Sjoerd Galema is kritysk oer de lanlike tv-útstjoering op basis fan alle krityske reaksjes dy't er krige. "Ik krij de yndruk dat Fryslân him hiel goed oan Fryslân sjen litten hat, mar noch net sa goed oan de rest fan Nederlân en Europa. Mar gelokkich hawwe we dêr noch it hiele jier foar." It trio ûnderstreket dat it om opbouwende krityk op ûnderdielen giet, want se fûnen it sels in "hele bysûndere en sels ûntroerende jûn". "Hâld it der mar op dat it in acht wie en gjin tsien", seit Marijke Roskam. 

Trefwurden: 
iepening LF2018
(advertinsje)