Kleasterkapel bliuwt yn sicht

kleastserkapel
De arsjitekt fan it nije ferpleechhús yn de binnenstêd fan Frjentsjer is fernuvere oer de opmerkings fan Gemeentebelang oer it behâld fan de kleasterkapel. De kapel is nei de sloop fan de gebouwen fan de GGZ foar it ljocht kommen en Gemeentebelang wol dat dat sa bliuwt.
Gemeentebelang suggerearret dat yn de nijbouplannen de kapel wer achter de bebouwing ferdwynt, mar arsjitekt Johan Sijtsma seit dat yn de plannen der krekt alles oan dien is om de kapel wol yn it sicht te hâlden.
Yn de bebouwing wurdt in iepening litten, sadat fan de westkant de kapel goed te sjen wêze sil.