Dwerse Ljouwerter fernielt ynterieur plysje-auto

28 jan 2018 - 08:25

De Ljouwerter plysje wie sneintemoarn tsjin melkerstiid drok mei in dwerse Ljouwerter (20). Dy begûn op plysjes om te skellen yn it Ljouwerter útgeanssintrum en waard dêrom oanhâlden. Underweis nei it plysjeburo wie de man drok mei it fernielen fan it ynterieur fan de plysje-auto. Hy mocht dêrom oanslutend op it plysjeburo bliuwe. De plysje sil de man snein ferhearre oer de misledigingen en it fernielen fan de tsjinstauto. 

De plysje lit fierder witte dat, ôfsjoen fan in pear lytse ynsidinten, de sfear fierder hiel goed wie yn it Ljouwerter stapsintrum. Troch de grutte drokte yn de stêd wiene der wol op ferskate plakken lange rigen foar hoarekasaken, mar ek dat hat net ta grutte problemen laat.

Trefwurden: 
fernieling Ljouwert
(advertinsje)