Auto yn sleat by Ferwert, bestjoerder poater

De plysje makket foto's fan de auto yn de sleat © De Vries Media
De helptsjinsten reizgen sneintemoarn betiid nei de Hegebeintumerdyk yn Ferwert, omdat dêr in auto op de kant yn de sleat lei. De brânwacht fan Ferwert wie der al gau by, mar koe gjin bestjoerder fine. De plysje tinkt dêrom dat de bestjoerder útnaaid is. De plysje ûndersiket fan wa't de auto is en hoe't it ûngelok barre koe.