Ljouwerter mei hoarekaferbod oanhâlden op Ruterskertier

28 jan 2018 - 07:57

De Ljouwerter plysje hat sneontenacht in 22-jierrige Ljouwerter mei in pleatslik hoarekaferbod oanhâlden yn in kafee op it Ruterskertier. Fanwege it hoarekaferbod jildt soks as húsfredebrek. Fan de plysje krige de dôfhûdige Ljouwerter oanslutend in kollektive hoareka-ûntsizzing foar ien jier. 

Op de Prins Hendrikbrêge yn it sintrum fan Ljouwert fûnen foarbygongers in dronken Drint. De jongeman (18) lei langút op de brêge. Hy waard neisjoen troch ambulânsemeiwurkers en oanslutend oerdroegen oan syn eigen 'soarchkader'. 

(advertinsje)