Man rydt troch nei oanriding

© Robertjan Boonstra, Nieuwsuitfriesland
Op de Bleekleane yn Ljouwert is moandei in 47-jierrige automobilist út Warns trochriden nei't er in oanriding feroarsake hie. De man wie tsjin de auto fan in 21-jierrige Ljouwerter oanriden. Dy rekke dêrtroch twa parkearde auto's en in lampepeal dy't tsjin in hús foel. De man út Warns wie trochriden sûnder him bekend te meitsjen.
Omdat in tsjûge syn kenteken opskreaun hie koe de man yn Hoorn opspoard wurde. De plysje hat him dêr oanhâlden en heard, syn auto is yn beslach nommen. De tadracht fan de oanriding wurdt noch ûndersocht.