Brânwacht hellet persoan út pân by brân yn Koartehimmen
Yn in gebou fan Jeugdhulp Fryslân yn Koartehimmen hat sneontejûn brân west. De brânwacht hat ien persoan út it gebou helje moatten. Dizze persoan hie reek ynazeme. De oarsaak fan de brân wurdt neier ûndersocht.