UNIS Flyers yn twa dagen, twa kear te sterk foar Zoetermeer

De Flyers wiene de Panters de baas..... © Martin de Jong
De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe dit wykein yn de kompetysje, yn twa dagen tiid, twa kear fan Zoetermeer wûn. De ploech fan coach Mike Nason wûn freed mei 3-2 en ek sneontejûn gie de winst mei deselde sifers nei UNIS Flyers.
Yn de earste perioade sette Adam Bezak UNIS Flyers op foarsprong. Lang koene de Feansters dêr net fan genietsje, want Valentijn Scheffe makke lyk. Even letter soarge Tony Demelinne derfoar dat UNIS Flyers wer oan de lieding kaam, mar Thomas Borgman sette beide ploegen wer op likense hichte: 2-2. Oan de ein fan de twadde perioade makke Pippo Limnell Finocchiaro de tredde en úteinlik winnende goal foar de Feansters.
Op freed 9 febrewaris komt UNIS Flyers wer yn aksje, dan komt Tilburg Trappers op besite.