By iepening LF2018 40.000 minsken

27 jan 2018 - 23:05

Yn totaal 40.000 minsken binne sneontejûn ôfkaam op de offisjele iepening fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd. Dat lit boargemaster Ferd Crone witte. Oan it begjin fan de jûn like it der in lang skoft net op dat de trije pleinen yn Ljouwert folslein folstreame soene, benammen troch it mindere waar wie it lang stil op it Aldehoustertsjerkhôf, it Saailân en it Gouverneursplein. Mar hoe tichter it by it offisjele iepeningsmomint kaam, hoe foller de pleinen waarden. "40.000, dat is enorm veel." Sa seit boargemaster Crone. "Mensen wilden natuurlijk zo lang mogelijk binnen blijven, maar ze wilden het uiteindelijk toch meemaken."

"Bikkels!"

Direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018 Tjeerd van Bekkum is tige grutsk op it publyk:  "Die mensen hebben allemaal buiten gestaan, dan ben je wel top hoor, dan ben je een bikkel. Het was koud en ik moet zeggen compliment aan iedereen, die dit heeft meegemaakt." Van Bekkum sjocht mei dizze goede sifers ek fuortendaliks al foarút nei it oare grutte evenemint, hielendal oan de ein fan LF2018: de ôfsluting, of sa't se dat binnen de organisaasje neame de 're-opening'. "De re-opening wordt ook fantastisch, dat geef ik je op een briefje!"

Spanning

De organisaasje hat in skoft dwaande west mei de tariedingen foar de grutte iepening, en dat wie foar Van Bekkum ek wol te fernimmen. "Ik werd wel emotioneel aan het eind", verklapt er. "Het was allemaal heel spannend of het wel zou lukken, en als het dan zo'n mooie voorstelling wordt, en als je dan het koningspaar ziet genieten, dan ben je echt apetrots natuurlijk!" 

Frijwilligers

De organisaasje is bot te sprekken oer it publyk, en oer de frijwilligers dy't yn de ôfrûne wiken yn it spier west hawwe om de iepeningsseremoanje sa goed as mooglik ta te rieden. "Er zijn zoveel vrijwilligers die hier al jarenlang mee bezig zijn", fertelt Crone. "Dat is de kracht van Friesland. Als het nu gaat om het skûtsjesilen, it fierljeppen of dit, mensen willen hier altijd iets organiseren. Regen of geen regen!" En ek Van Bekkum is grutsk op de Friezen, en wiist op de grutte kloften minsken dy't by de oare eveneminten wiene, lykas it bekend meitsjen fan it programma. "En als ik dan ook nog een minister hoor die zegt, ik kom terug. Dan denk ik jongens: we maken er gewoon een succes van. Top!"

Trefwurden: 
iepening LF2018
(advertinsje)
(advertinsje)