'Skoalle Winaam wer goed'

12 jun 2012 - 10:13

De E.P. de Boerskoalle yn Winaam is fan it predikaat 'tige swak' ôf. Dat sizze persoaniel en âlders nei't de ûnderwiisynspeksje moandei in besite oan de skoalle brocht. De skoalle krige de minne beoardieling yn 2010 en wurdt sûnt dy tiid ekstra yn 'e gaten hâlden troch de ynspeksje. In offisjele útslach fan de besite is der noch net, de skoalle ferwachtet dy foar de simmer.

De skoalle hopet dat de positive beoardieling ek effekt hat op it tal nije learlingen, sadat dat der op 1 oktober genôch binne om de skoalle iepen te hâlden.

Trefwurden: 
Winaam E.P. de Boerskoalle
(advertinsje)
(advertinsje)