FIDEO: De hichtepunten fan de iepening fan LF2018

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

It is safier, Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Mei in spektakulêre show op trije pleinen tagelyk is it Europeeske kulturele jier fan start gien. Hjirboppe binne alle hichtepunten nochris werom te sjen. Sa waarden de Kening en de Keninginne entûsjast ûntfongen troch it publyk, hâlde Foppe de Haan it net drûch by syn taspraak yn De Harmonie, peilde ferslachjouwer Miranda Werkman foarôf de stimming op it Saailân, fertelde akteur Rutger Hauer oer syn leafde foar it Frysk hynder, de opfiering fan it LF2018-liet 'Seis oere thús' en fansels it momint fan de jûn: de offisjele iepening. 

27 jan 2018 - 22:38
(advertinsje)