FIDEO: De hichtepunten fan de iepening fan LF2018

27 jan 2018 - 22:38
  • Weromsjen op de iepening fan LF2018
  • De hichtepunten fan de iepening fan LF2018
  • De offisjele iepening fan LF2018 troch Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima
  • De opfiering fan it LF2018-liet 'Seis oere thús'
  • Foppe de Haan wurdt emosjoneel by syn taspraak yn De Harmonie
  • De taspraak fan akteur Rutger Hauer
  • In registraasje fan it folsleine programma yn De Harmonie
  • It keningspear komt oan yn Ljouwert
  • Miranda Werkman peilt de stimming op strjitte

It is safier, Ljouwert-Fryslân is Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Mei in spektakulêre show op trije pleinen tagelyk is it Europeeske kulturele jier fan start gien. Hjirboppe binne alle hichtepunten nochris werom te sjen. Sa waarden de Kening en de Keninginne entûsjast ûntfongen troch it publyk, hâlde Foppe de Haan it net drûch by syn taspraak yn De Harmonie, peilde ferslachjouwer Miranda Werkman foarôf de stimming op it Saailân, fertelde akteur Rutger Hauer oer syn leafde foar it Frysk hynder, de opfiering fan it LF2018-liet 'Seis oere thús' en fansels it momint fan de jûn: de offisjele iepening. 

Trefwurden: 
LF2018 iepening LF2018
(advertinsje)