LF2018 offisjeel iepene

27 jan 2018 - 22:26

Mei it lieden fan in sabeare klok, hawwe Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima sneontejûn offisjeel it Kulturele Haadstêdjier fan Ljouwert iepene. It keningspear die dit oan de ein fan in bysûndere útfiering fan it nûmer 'Seis oere thús' fan Nynke Laverman. It temanûmer fan LF2018 waard op trije ferskate pleinen yn Ljouwert op itselde momint útfierd troch in grut tal sjongers en muzikanten. Dizze artysten diene dit op bysûndere plakken: bygelyks yn it treppehûs fan it Fries Museum, of op in steger op grutte hichte boppe it publyk. 

Klokken

Op it momint dat it keningspear de sabeare klokken op it Saailân yn Ljouwert yn gong setten, barde dat ek yn tsjerken en klokkestuollen rûnom yn de provinsje. Om sa oan te jaan dat it feest fan Kulturele Haadstêd net allinnich yn Ljouwert wêze sil, mar rûnom yn de provinsje. 

Drokte

De organisaasje hie foarôfgeand oan de offisjele iepening trije pleinen oanwiisd wêrop't de aktiviteiten goed te folgjen wêze soene: it Saailân, it Gouverneursplein en it Aldehoustertsjerkhôf. Om in oere as healwei tsienen hinne makke de gemeente Ljouwert bekend dat al dizze trije pleinen fol wiene, en dat besikers it bêste nei it Waagplein ta rinne koene om de festiviteiten mei te belibjen. Dit soarge by guon minsken wol foar teloarstelling, om't se hope hiene op ien fan de trije haadpleinen it spektakel sjen te kinnen. 

Emosjoneel 

Sjongeres Nynke Laverman, dy't in haadrol hie yn de iepeningsfoarstelling, wie nei ôfrin fan de foarstelling tige emosjoneel. Se seit tige grutsk te wêzen op wat der op de iepeningsjûn delsetten is, benammen om't der mei in protte minsken in lang skoft oan wurke is. Se hie yn it foar noch wol wat noed oer it Fryske hynder dêr't se it plein mei opride moast, mar by de úteinlike iepening rûn alles goed. 

(advertinsje)