Dochs ferlies foar VC Snits nei sterke comeback yn Zwolle

27 jan 2018 - 22:22

De follybalfroulju fan VC Snits hawwe sneontejûn de topper tsjin Regio Zwolle ferlern. De wedstriid tusken de nûmers twa en trije fan de earedifyzje waard in fiifsetter, wêryn't de thúsklup oan it langste ein luts (3-2).

De ploech fan coach Petra Groenland sette net goed útein en ferlear de earste twa sets: de earste mei 25-23 en de twadde mei 25-21. Dêrnei wie it de beurt oan Snits en mei in sterke comeback soargen sy derfoar dat der in fiifde set oan te pas komme moast. Neidat Snits de tredde set mei 25-13 en de fjirde mei 26-24 wûn, koe it ek net noch de lêste set binnenslepe. Dy gie krekt ferlern: 16-14.

Nettsjinsteande it ferlies tsjin de ploech út Zwolle bliuwt Snits op it twadde plak stean. Folgjende wike sneon spilet Snits thús tsjin Alterno út Apeldoorn.

(advertinsje)
(advertinsje)