Snits Wyt Swart wint mei tsien man Fryske fuotbalderby

27 jan 2018 - 22:02

Op sportpark Skoatterwâld hat Snits Wyt Swart sneontejûn de Fryske derby yn de haadklasse fan Hearrenfean wûn. Nettsjinsteande in betide reade kaart foar de Snitsers, wie de ploech fan trainer Germ de Jong dochs te sterk foar dy fan Marcel Valk. Op It Hearrenfean waard it 2-0 foar de besikers.

It begjin wie foar Snits Wyt Swart. Alwin Velds en Julian Zeinstra wiene ticht by de iepeningstreffer, mar beide kearen gie de bal krekt njonken. Healwei de earste helte kamen de Snitsers dochs op foarsprong. Jorn Wester kopte de bal efter Hearrenfean-keeper Justin van der Dam. Feest dus by de Snitsers, mar dat feroare doe't oanfierder Wesley Tankink read krige nei in oertreding op Remco Hof. Mei tsien man krige Snits Wyt Swart in goede kans, mar de kopbal fan Jakob Lubbers spatte op de latte útinoar.

Ien minút foar tiid soarge Gerben Visser der mei in knap skot foar dat Snits Wyt Swart foar de twadde kear dit seizoen de Fryske derby wûn.

Hearrenfean - Snits Wyt Swart 0-2 (0-1). 19. Jorn Wester 0-1, 89. Gerben Visser 0-2. Giele kaarten: Jasper Brouwer, Jan Hielkema (Hearrenfean), David van der Pol, David Veldmeijer, Wester, Noël Wever (Snits Wyt Swart). Reade kaart: 22. Wesley Tankink (Snits Wyt Swart).

(advertinsje)
(advertinsje)