Ljouwert yn oranjestimming

12 jun 2012 - 10:06

Fjouwer studinten fan de Akademy foar Popkultuer yn Ljouwert hawwe tiisdei de binnenstêd fan Ljouwert yn oranjestimming brocht. Se hawwe in tal bylden lykas Us mem en Us heit hielendal fersierd mei flachjes, slingers, huodsjes en brillen en alles fansels yn it oranje.

Se wolle mei de fersieraksje berikke dat Ljouwert in prachtige oranje stêd wurdt, sadat de ynwenners sizze sille: sjoch, dat is it oranje fan Ljouwert!

Trefwurden: 
Oranje
(advertinsje)
(advertinsje)